Ein oan hongerstaking

Hoedemaker ut Drylts is ophâlden mei syn hongerstaking. Hy hat it tritich dagen folhâlden. Troch net mear te iten woe er berikke dat it Iepenbier Ministearje in undersyk ynstelde nei harsels.
Mei it stoflik omskot fan syn heit soe it IM flaters makke ha. Hoedemaker is wer begûn mei iten om't der in ôfspraak makke is mei it kolleezje fan prokureurs generaal yn Den Haach.