Raven sjoen yn Feanwâlden

Yn Feanwâlden is in raven sjoen. De raven is in seldsume fûgel. Begjin foarige ieu ferdwûn it bist út Nederlân, mar in goeie 20 jier lyn is it bist wer útset op de Feluwe.
Yn Fryslân is de raven dus in seldsumheid. De fûgel liket wol wat op in roek. De raven is folle grutter en hat in langere sturt en in wat blauwe glâns oer de fearen.