Doarp wol Koerden hâlde

Yn Skearnegoutum is ûnrêst ûntstien oer in Koerdyske famylje. De Saïds binne útprosedearre en stean meikoarten op strjitte. De gemeente hoecht harren formeel net mear te húsfestigjen.
Heit Said seit dat er socht wurdt yn Irakeesk Koerdistan en dat er it net oerlibbet. De pleatslike wurkgroep Flechtelingehelp besiket wat te dwaan foar de famylje.