Boekebal foar it hiele Noarden

De Fryske literatuer moat de grins oer mei it boekebal. Dat sei Skriuwersbûnfoarsitter Piter Boersma sneon op it jierlikse feest. Hy wol gearwurking mei de oare twa Noardlike provinsjes. As foarpriuwke wiene in Drintse dichteres en in Grinslanner sjongeres te gast.
Op it bal waard ek it boekewikegeskink fan Itty Sluis presintearre. Tsjêbbe Hettinga die in foardracht.