Tennisbanen Harkema yn 't paad

As it oan Pleatslik Belang leit, fer- húzje de tennisbanen oan de Nijebuorren yn De Harkema nei sportkompleks De Bosk.
De tennisbanen lizze neist de sporthal en dy wurdt meikoarten ôfbrutsen. Op it frijkommend plak soene dan wenten boud wurde moatte. Dêr is lykwols net genôch romte foar en dêrom soene ek de tennisbanen nei in oar plak moatte.