Van der Valk bout yllegaal

Ek hotel Van der Valk yn Hurdegaryp is sûnder fergunnings ferboud. Ofrûne wykein stoarte yn Tiel it parkeardek fan in Van der Valk-motel yn. Dat motel soe har lang net oan alle fergunnings hâlden ha.
By in kontrôle fan de gemeente Tytsjerksteradiel die bliken dat der by it hotel yn Hurdegaryp twa keamers by boud wiene dy't net op de tekenings stiene. Yn it slimste gefal moat it hotel slute.