Nij fytspadeplan NW-Fryslân

Yn Frjentsjer is woansdei in nij fytspadeplan foar noardwest-Fryslân presintearre troch it CDA. Yn de gemeenten It Bilt, Menameradiel, Frjentsjeradiel en Harns kin keazen wurde út 3 langere en 7 koartere rûtes. De gemeenten binne entûsjast.
De plannen slute ek moai oan by it provinsjaal fytspadeplan, neffens deputearre Bijman.