Polyester rioelbuizen yn Snits

Polyester hoazzen komme yn Snits ûnder de grûn te lizzen. It giet om it ferfangen fan âlde betonnen rioelbuizen. It beton is ferrotte.
By de renovaasje hoecht de strjitte net iepenbrutsen te wurden. Dat besparret tiid en jild. Ek in foardiel is dat polyster nea ferfongen hoecht te wurden. Oer twa wiken moat it wurk yn de Snitser binnenstêd dien wêze.