Gemalen pompe hege wetter fuort

Beide gemalen by Starum en De Lemmer binne wer ynskeakele. Dat bart foar de twadde kear yn fjirtjin dagen. Rein is de belangrykste oarsaak fan it hege wetter.
Oant no is dizze moanne al mear wetter fallen as gewoanlik yn febrewaris. Yn trochsneed wie dat 15 milimeter op in dei. Troch de hurde súdwestewyn kin it wetter net yn de Lauwersmar fuort.