Pim Fortuyn foar de rjochter

© Omrop Fryslân
It Anty-diskriminaasjeburo Fryslân sleept Pim Fortuyn foar de rjochter. De âld-listlûker fan Leefbaar Nederland is oer de skreef gien mei syn útspraken oer de islam. Hy neamde dat 'in achterlijke cultuur'.
Alle Anty-distriminaasjeburo's dogge no oanjefte. Fortuyn is net foar ien gat te fangen en wol mei in eigen list meidwaan oan de ferkiezings.