Sinesappelkanon ôfsketten

In 21-jierrige ynwenner fan Wergea hat proses-ferbaal krigen foar it fernielen fan twa ruten mei in sinesappelkanon. Sawol yn Wergea as yn Reduzum skeat de Wergeaster sneintenacht in sinesappel troch in rút.
In sinesappelkanon is in buis, ôfdekt mei in sinasappel. Der is hierlak ynspuite dat yn 'e brân stutsen wurdt. De plysje hat it kanon yn beslach naam.