Mishanneling yn Drachten

In jonge fan achttjin jier út Drachten is sneintemoarn betiid mei in taksy yn it sikehûs brocht. Hy wie twa kear yn de rêch stutsen en twa kear yn de lofterboppe-earm.
It iennige dat er sizze woe, wie dat it op de Noardkade yn Drachten bard wie. It slachtoffer woe gjin oanjefte dwaan en gjin ferklearring ôflizze. De plysje ûndersiket de saak.