Nijbou foar skoalle yn Drachten

Basisskoalle De Barte yn Drachten krijt nijbou yn de wyk De Venen. Oan de nijbou komt ek in nij wyksintrum fêst.
De Barte hat no twa lokaasjes. Ferline jier waard noch advisearre om nij te bouwen yn de wyk De Bouwen. De ferwach- ting wie dat der in nije wenwyk bykomme soe, dy't in soad bern foar de skoalle opleverje soe. Dy wyk komt der noch net, en dêrom giet de nijbou nei De Venen.