Rekord tal flechten helikopter

De SAR-helikopter fan de Ljouwerter fleanbasis is ferline jier 159 brûkt by it ferfier fan pasjinten. Dat is in rekord. De measte pasjinten (151) kamen fan de Waadeilannen.
De helikopter is ek ynset by de nijjiersbrân yn Volendam. Ferwûne pasjinten waarden nei Dútslân en België brocht. Twa kear moast de helikopter yn aksje komme om in drinkeling te rêden.