Wetterberm lûkt miggen oan

© Omrop Fryslân
Bewenners oan de A32 binne benaud foar oerlêst fan miggen. Rykswettersteat is dwaande in wetterberm tusken Akkrum en Haskerdiken yn te rjochtsjen. Beswier dêrtsjin fan de bewenners is ôfwiisd troch de Ried fan Steate.
Stilsteand wetter is in geunstige omjouwing foar miggen. De boeren binne bang dat de ynsekten maklik syktes oerbringe kinne op de bisten.