Jeugdhonk Betterwird giet oer

Der komt dochs gjin jeugdhonk op yndustryterrein Betterwird yn Dokkum. De gemeente erkent dêrmei de beswieren fan buertbewenners. Fjouwer jier hat de proseduere duorre.
De jongerein kriget no in tydlik ûnderkommen yn edukatyf sintrum De Tille. It definitive sintrum soe by de nijbou fan 'e Piter Jelles-skoalle oan 'e Parkleane yn komme moatte.