Treppen by stedsgrêften Dokkum

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel wol treppen oanlizze by de stedsgrêften yn Dokkum, sei wethâlder Boorsma tiisdei op in kommisjegearkomste. Dat kin drinkelingen it libben rêde.
De gemeente lûkt 90.000 euro út foar it oanbringen fan aluminium beugels oan de kaaimuorren. Op dit stuit hingje by de steile grêften allinne mar in heak en in reddingsboei.