Boeren wolle dongynstallaasje

In groep boeren út Eaststellingwerf wol in 'dongfergistingsynstallaasje' bouwe. Dêrmei wurdt enerzjy út dong helle. De dong dy't oerbliuwt is fan hege kwaliteit en tige brûkber foar de lânbou.
De boeren ha by har kollega's yn Dútslân sjoen hoe't sa'n ynstallaasje wurket. De regeljouwing yn Nederlân jout lykwols gjin romte foar rendabele ynstallaasjes. De boeren wolle mei de oerheid om tafel.