Aldi op 'e Jouwer oerfallen

In Aldi-filiaal oan 'e Merk op 'e Jouwer is moandeitemoarn oerfallen. Twa manlju stiene op it parkearplak achter de winkel de bedriuwslieder (35) op te wachtsjen.
Mei in pistoal twongen se him de doar iepen te meitsjen en it jild út de klûs te heljen. De oerfallers naaiden út mei it jild rjochting Midstrjitte. De plysje hat in klopjacht iepene.