Gjin ûndersyk yn Hoedemaker-saak

Der komt gjin ûndersyk fan de ryksresjerzje nei de fraach wat der bard is mei it stoflik omskot fan de heit fan Hoedemaker fan Drylts. De 61-jierrige Hoedemaker wie yn hongerstaking gien om sa'n ûndersyk ôf te twingen.
Neffens him is it Iepenbier Ministearje yn Utert yn 1988 net krekt omgien mei it lichem fan syn heit en is it net wis oft wol de goede persoan kremearre is.