Fogelsanghstate:mear jild nedich

Fogelsanghstate yn Feankleaster komt yn grutte swierrichheden as de gemeente Kollumerlân net mei ekstra jild oer de brêge komt. Op it stuit wurdt de state renovearre, ek mei stipe fan de gemeente
De stifting Fogelsanghstate wol ek dat de state in museum wurdt. Dêrfoar binne ekstra oanpassings en ekstra jild, sa'n 125.000 euro, nedich. Yn febrewaris moat de ried hjir in beslút oer nimme.