Waachplein even 'Plaza de Mayo'

© Omrop Fryslân
It Waachplein yn Ljouwert wie freedtemiddei even it Argentijnske 'Plaza de Mayo'. Op dat plein protestearje noch alle wiken de 'dwaze moeders' tsjin it ferdwinen fan harren bern ûnder it militêre regime fan it lân.
Yn Ljouwert waard jild ophelle foar dy dwaze memmen, as alternatyf houliksgeskink foar Willem Alexander en Máxima. De aksje is in inisjatyf fan de SP.