Soad opjeftes foar wâldhúske

Hast 80 gesinnen, wêrûnder 30 Fryske, hawwe har opjûn om in wykein troch te bringen yn it Fryske wâldhúske yn it iepenloftmuseum fan Arnhem. Ferline wike hat it museum in oprop dien.
Ein maart is de iepening fan it nije seizoen en dan sil ek it wâldhúske wer te besjen wêze. Om dat feestlik yn te lûden sil it earste wykein it húske bewenne wurde troch in grut gesin.