Tsjinstân fergunning Frisia

De riedsfraksjes fan GemeenteBelangen en FNP fan Frjentsjeradiel binne tsjin in nije fergunning foar Frisia Harns om noch mear sâlt te winnen. It kolleezje docht lykwols neat, om't de fergunning in saak fan it regear is. Dat die bliken by in ynformaasjegearkomste yn Easterbierrum.
Der wiene hûnderten ûngerêste ynwenners fan noardwest-Fryslân oanwêzich.