SC Hearrenfean útbekere

SC Hearrenfean gie woansdeitejûn mei 3-1 ûnderút yn en tsjin Utrecht. De wedstryd gie lang lykop, by de rêst stie it 1-1. Yn 'e twadde helte miste Anthony Lurling in strafskop by in 2-1 achterstân. Kuyt makke yn 'e ekstra tiid noch 3-1.
Foar Utrecht skoarden fierder Bosschaart en Gluscevic. Foar Hearrenfean skoarde Edman. No snein mei Hearrenfean wer nei Galgewaard foar de kompetysje.