'Kninen net ôfsjitte'

© Omrop Fryslân
De bistebeskerming en de faunabeskerming fine dat BV Sport yn Ljouwert gjin kninen ôfsjitte mei op har sportfjilden. BV Sport hat oant 1 juny fan dit jier in fergunning om kninen ôf te sjitten.
De bistebeskerming hat ûndersyk dwaan litten nei de needsaaklikheid fan dizze maatregel. De útkomsten dêrfan binne dat der op de fjilden inkeld sporen fan kninen binne en fierder gjin skea.