Sjauffeurs fine 30 km te stadich

© Omrop Fryslân
In groep bussjauffeurs wol net langer 30 km yn 'e oere ride op de trochgeande dyk yn Surhústerfean. Dat skriuwe se yn in brief oan B en W. It is net te dwaan om sa stadich te riden. De sjauffeurs kieze in oare rûte as de limyt net opheft wurdt. Yntusken ha de sjauffeurs kontakt hân mei de direksje fan Arriva. Dy sjocht it probleem wol en sil besykje der wat oan te dwaan.