Stankoerlêst yn Beetstersweach

© Omrop Fryslân
It stjonkt yn de Haadstrjitte fan Beetstersweach. Bewenners en winkeleigners kleie al moannen oer in soere, bedoarne lucht dy't út it gemeentlike rioel komt.
Frico Cheese yn Olterterp soe de feroarsaker fan de stank wêze. Neffens de bewenners loast it fabryk syn ôffal yn it iepenbiere rioel. Winkeleigner Koopmans hat de provinsje yn in brief frege de miljeufergunning fan Frico yn te lûken.