CIOS wint twa ûndernimmersprizen

Studinten fan de sportoplieding CIOS op it Hearrenfean ha sneon twa prizen wûn op de Nederlânske kampioenskippen foar mini-ûndernimmings yn Den Haach. It giet beide kearen om de twadde priis, foar bêste logo's en bêste klantbenadering.
De CIOS-studingen organisearje sportdagen foar bedriuwen en ynstellings. Fierder binne se dwaande mei it meitsjen fan in CD-rom oer feiligens yn de sport.