Aktiviteitetinte yn Wommels?

De stifting Terplûden fynt dat der in aktiviteitetinte komme moat op de terp fan Wommels. De tinte moat maklik opboud en ôfbrutsen wurde kinne. Yn de simmermoannen kin dan alle wykeinen in aktiviteit organisearre wurde.
It plan kostet sa'n 100.000 euro. Dat jild moat foaral út it bedriuwslibben fan Wommels komme. Ynkoarten wurdt der in webside iepene mei mear ynformaasje.