GGD fergoedet nikotinekaugom

De GGD Fryslân betellet helpmiddelen foar it ophâlden fan smoken. It giet om in proef fan it ministearje fan Folkssûnens. Dat wol witte wat it effekt is, as minsken jild weromkrije.
De Fryske GGD jout as suver de iennige yn Nederlân yndividuele begelieding by it ôfwennen fan 'e smookferslaving. Foar de simmer moatte de resultaten bekend wêze, sa wol minister Borst.