Plysje pakt narjen oan

De plysje op Skylge sil freeds ekstra surveillearje by it diskoswimmen yn swimbad De Dôbe. De jongere bern, foar wa it swimmen bedoeld is, wurde regelmjittich narre troch de âldere bern. Ek bûten it swimbad binne de âlderen ferfelend en litte se bygelyks de fytsbannen leechrinne.
Fierder wurde der ferskate pestprojekten opset op de skoallen op it eilân.