Soarchwachtlisten koartsje yn

De wachtlisten fan de soarch yn it súdwesten fan Fryslân binne it ôfrûne jier oant wol 60 persint ôfnommen. Dat komt troch in nij gearwurkingsferbân fan alle soarchynstellings yn súdwest-Fryslân, it Soarchspektrum.
Offisjeel is it Soarchspektrum tiisdei pas úteinset. Omdat der yn de praktyk al in jier gearwurke waard is der no al in posityf effekt op de wachtlisten.