Fryske reedmakker nei Spelen

© Omrop Fryslân
Sipke Bosma fan De Jouwer giet mei nei de Olympyske Spelen as materiaalman fan de Nederlânske reedrydploech. Hy is al 17 jier spesjalist yn it slypjen en ynstellen fan redens. Hy is krekt werom fan it WK-sprint yn Hamar.
Op WK en EK stiet Bosma klear foar alle dielnimmers, mar yn Salt Lake is hy der eksklusyf foar de Nederlanners. Hy sit dêrom aanst op in geheim adres.