Akademy ûntfangt proffuotballers

De folsleine seleksjes fan SC Hearrenfean en Cambuur Ljouwert geane op 26 febrewaris op besite by de Fryske Akademy. De proffuotballers krije dêr in rûnlieding en ynliedings oer de Fryske skiednis, de Fryske taal en taalsosjology. De ynliedings binne yn it Ingelsk.
De besite is in inisjatyf fan wurdboekmakker Anne Dykstra. Hearrenfean-trainer Foppe de Haan fûn it in goed idee.