Earste 'boargerinisjatyf'

De gemeente Ljouwert wol mear bekendheid jaan oan it boargerinisjatyf. Dêrmei kin boargers sels saken op de aginda fan de ried sette. Moandei wurdt foar it earst sa'n saak behannele.
Frou Van den Berg is de earste dy't fan de mooglikheid gebrûk makket. Sy is ûntefreden oer de ôfhanneling fan de útfeart fan frou Gunther, in allinnichsteande frou dy't by in brân stoar.