Glas wis fan Salt Lake City

Bobslydsker Arend Glas hat him sneon sa goed as wis kwalifisearre foar de Olympyske Winterspullen yn Salt Lake City. De Jouster waard sneontemiddei 13de by it Europeesk Kampioenskip mei de twamansbob. Hy moast fan it NOCNSF by de earste 15 einigje.
Meidwaan oan de Spelen kin no noch ôfhingje fan it ûndersyk nei it CP'86ferline fan Glas, want dat rint noch.