Drachtster ferkrêftingssaak

© Omrop Fryslân
Advokaat Kuiters fan de 20-jierrige fertochte yn de Drachtster ferkrêftingssaak seit dat justysje bewust dingen efterhâlden hat om de fertochte oan te wiizen as dieder.
Hy wurdt fertocht fan it ferkrêftsjen fan twa famkes yn it Drachtster Bosk yn april ferline jier. Ek soe hy besocht ha om in 23-jierrige frou te ferkrêftsjen. Freed is 4,5 jier easke tsjin de man.