Werynrjochting stêd komt letter

De werynrjochting fan de Ljouwerter binnenstêd wurdt útsteld. Foar hoe lang is net dúdlik. It giet om it stik fan de Westerplantaazje. Dat stiet pland foar 2003.
De gemeente wol earst ôfwachtsje oft de baatbelesting fan de Ljouwerter ûndernimmers wol of net binnenkomt. Dat is ûnwis om't de gemeente dêr flaters mei makke hat.