Bekerfinale iishockey

De bekerfinale fan iishockeyploegen yn Eindhoven is woansdei troch goed 600 Fryske fans bywenne. It gie tusken de Formido Flyers en de Diamant Trappers út Tilburg.
De lêste wedstriden spilen de Friezen ûnder lieding fan Andy Tenbult goed, mar de Tilburchske ploech stiet boppeoan yn de kompetysje. In spannende wedstriid; wa naam de beker mei nei hûs?