Dokters:'Gjin sprake fan twang'

Húsdokters yn Fryslân twinge pasjinten net om in bepaalde soarchfersekerder te kiezen. Dat seit de Distrikts Huisartsen Vereniging, DHV, yn in reaksje op de beskuldiging fan minister Borst.
De minister seit dat húsdokters har pasjinten oanrikkemandearje om foar in oar sikefûns te kiezen. De dokters soene dit dwaan om't it foar har makliker is om mei ien fersekerder saken te dwaan.