Projekt 'De doar út' rint goed

© Omrop Fryslân
Der moat in oare oanpak komme om de wachtliste-problematyk foar de fersoargingstehûzen op te lossen. Dat seit frou van Jaarsveld fan de stifting Palet. De ôfhanneling fan in bou-oanfraach by it Ryk duorret al gau in grut tal jierren.
Palet is sels ferline jier út ein set mei it projekt 'De doar út'. De organisaasje biedt dêrmei soarch by de minsken thús. It projekt rint tige goed.