Kees 't Hart yn Libris-sjuery

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter skriuwer Kees 't Hart makket diel út fan de sjuery foar de Libris Literatuur Prijs 2003. Dat is in priis foar literêr, ferhalend proaza. Foar de winner leit in bedrach klear fan 50.000 euro. Dy winner wurdt mids maaie takom jier bekend makke.
Foarsitter Van Nieuwenhoven fan de Twadde Keamer is foarsitter fan de sjuery.