Unwissens gau oer foar KPN'ers

KPN-personiel kriget fan moandei ôf te hearren oft hja bliuwe mei. Troch in reorganisaasje ferdwine 5200 banen by it konsern. 2300 wurknimmers hawwe oanjûn dat se op frijwillige basis fuort wolle. De oare 2900 krije yn de kommende twa wike útslach.
It is noch ûndúdlik hoefolle banen yn Fryslân ferlern gean. Yn de rin fan nije wike komt dêr mear dúdlikens oer.