Undernimmers tsjin Aldskoat

© Omrop Fryslân
Aldskoat wurdt wer ien doarp. Fan 2003 ôf krijt Hearrenfean-Súd de âlde namme Aldskoat werom. Troch de Rykswei waard it doarp yn de sechstiger jierren ferdield. Eastlik bleau Aldskoat en westlik waard Hearrenfean-Súd.
It nammebeslút kaam oardeljier lyn troch de ried. Seis ûndernimmers binne net bliid mei de nammeferoaring en stappe nei de rjochter om it te kearen.