Terreinen gasfabryk skjinmeitsje

© Omrop Fryslân
Terreinen fan eardere gasfabriken yn de trije noardlike provinsjes wurde skjinmakke. Dêrfoar yn it plak komme wenningen, bedriuwen en winkels. De grûn is slim fersmoarge. Fanút de maatskippij nimt de druk ta om dat oan te pakken, mar jild wie altyd it probleem.
Fjirtjin fan de 35 terreinen lizze yn Fryslân. Yn 2015 moat it skjinmeitsjen en de nijbou klear wêze.