Fergese houliksflagge by winkels

De Dokkumer Flaggesintrale sjocht gjin konkurrinsje yn de fergese houliksflaggen fan supermerken. Konmar en Super de Boer makken moandei bekend om 'e nocht in miljoen Willem en Máxima-flaggen beskikber te stellen.
De Flaggesintrale hat oant no ta inkelde tûzenen fan de eigen flagge ferkocht. De supermerkflaggen binne hiel oars, seit it Dokkumer fabryk.