DSW en Woudengroep no Caparis

© Omrop Fryslân
Moandei is de nije organisaasje Caparis offisjeel út ein set. Dat barde mei in byienkomst foar alle 2800 meiwurkers yn it Thialfstadion op It Hearrenfean.
Caparis is ûntstien út in fúzje tusken DSW yn Ljouwert en de Woudengroep op It Hearrenfean. Oan de fúzje is 2,5 jier wurke. De meiwurkers wurkje ûnder mear yn de grienfoarsjenning, de montaazje, de drukkerij of by de ynkeapôfdieling.