Slimste tekoart Hôf oplost

It personielstekoart by it Gerjochtshôf fan Ljouwert is sa goed as oplost. Der wurde twa nije meiwurkers ynstallearre dy't de slimste tekoarten yn de strafsektor oplosse moatte.
Bysûnder is dat de nije meiwurkers út it westen fan it lân komme, wylst it oant no ta dreech wie om dêr minsken te finen. In tal Hôf-meiwurkers dat al lang siik is, moat no noch ferfongen wurde.