Sikehûzen moatte werom betelje

© Omrop Fryslân
De Fryske sikehûzen moatte hast sân miljoen gûne werom betelje oan soarchfersekerer De Friesland. Neffens De Friesland ha de sikehûzen har ferline jier ferrekkene en te folle jild frege.
It MCL yn Ljouwert moat it measte betelle: fjouwer miljoen gûne. Direkteur Van Eijndhoven fan it MCL seit lykwols dat De Friesland âlde sifers brûkt en is net fan doel it jild werom te beteljen.